De Oerwintering op Nova Sembla wie in bar en twongen ferbliuw fan in groepke Nederlânske skipbreklingen op 'e Noardrussyske eilannegroep Nova Sembla, dêr't se de winter fan 1596 op 1597 trochbrochten nei't harren skip fernield wie troch it see-iis. De lieders fan 'e ekspedysje wiene de Skylger skipper Willem Barents en de Hollanner Jacob van Heemskerck. Fan 'e oarspronklike santjin man oerlibben mar tolve de winter. It oare jiers wisten de oerlibbenen mei in sloep it fêstelân fan Jeropeesk Ruslân te berikken, dêr't se oppikt waarden troch in Nederlânsk keapfardijskip. Troch it reisferslach dat ien fan 'e oerlibbenen, Gerrit de Veer, letter skreau, waard dit barren yn Nederlân tige ferneamd.