De Olympyske Simmerspullen fan 2020 (Japansk: 2020年夏季オリンピック, transliteraasje: Nisen Nijū-nen Kaki Orinpikku), offisjeel bekend as de Spullen fan de XXXII Olympiade, wiene in grut ynternasjonaal sportevenemint yn 'e tradysje fan 'e Olympyske Spullen, dat yn 'e simmer fan 2021 holden waard yn 'e Japanske haadstêd Tokio. It wie de earste edysje fan 'e Spullen ea dy't útsteld waard en in jier letter plakfûn as de bedoeling wie. Reden dêrfoar wie de koroanapandemy. Hoewol't dizze edysje fan 'e Simmerspullen formeel fan 23 july oant 8 augustus rûn, setten guon groepswedstriden al op 21 july úteinset, twa dagen foar de iepeningsseremoanje. Oan 'e Spullen diene 11.090 sporters mei út 205 ûnderskate lannen en territoaria. It evenemint omfieme fierders 339 ûnderdielen yn 33 ferskillende sporten. Nije sporten dy't op dizze edysje fan 'e Olympyske Spullen yntrodusearre waarden, wiene 3×3 basketbal en fytskrossen frije styl, wylst yn in stikmannich besteande sporten mingde eveneminten foar manlju en froulju tafoege waarden en by it baanhurdfytsen de keppelkoers foar manlju reyntrodusearre waard en in selde evenemint foar froulju tafoege waard. Dêropta wiene der fiif sporten spesifyk foar dizze iene edysje fan 'e Olympyske Simmerspullen op it programma set. Nei de Olympyske Simmerspullen waarden yn Tokio ek de Paralympyske Simmerspullen organisearre.