Olympyske Winterspullen

Olympyske Winterspullen
plak en tiid
lân wikselet
plak wikselet
tiid fan it jier febrewaris
bysûnderheden
gelegenheid Olympyske Spullen
soarte evenemint sportevenemint
bestean 1924 – no
org. troch IOC
offisjele webside
www.olympics.org

De Olympyske Winterspullen foarmje sûnt 1924 in ynternasjonaal evenemint op it mêd fan wintersport, dat om de fjouwer jier organisearre troch it Ynternasjonaal Olympysk Komitee (IOC). Eltse edysje fan 'e Winterspullen fynt plak yn in oar lân en wurdt organisearre yn in oare stêd. Oant en mei 1992 waarden de Winterspullen yn itselde jier holden as de gruttere (en yn in grut part fan 'e wrâld ek bekendere) Olympyske Simmerspullen. Sûnt 1994 wurde se lykwols yn 'e even jierren tusken de ferskillende edysjes fan 'e Simmerspullen yn organisearre.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Nelliwinne