Omgong fan Frankryk 1908 | ||||
6e edysje | ||||
Rûtekaart fan de Omgong fan Frankryk 1908 | ||||
Tiidrek | 13 july - 9 augustus 1908 | |||
Startplak | Parys | |||
Finishplak | Parys | |||
Totale ôfstân | 4,488 km | |||
Gem. faasje | 28.740 km/o | |||
Dielnimmers | 114 | |||
Klasseminten nei 14e etappe | ||||
Winner | FRA Lucien Petit-Breton | |||
foarrige edysje | Omgong fan Frankryk 1907 | |||
folgjende edysje | Omgong fan Frankryk 1909 | |||
|
De 6e edysje fan de Omgong fan Frankryk waard hâlden fan 13 july oant en mei 9 augustus 1908.
De oerwinning fan Lucien Petit-Breton yn 1907 waard tige bekritisearre. Hy waard sels in twadderangswinner neamd, dy't syn oerwinning allinnich mar te tankjen hawwe soe oan de straf dy't Emile Georget yn de njoggende etappe krigen hie. Petit-Breton woe dêrom yn de Omgong fan 1908 graach it ien en oar rjochtsette.
Tsjin de sterke Lucien Petit-Breton wie net folle te begjinnen. Boppedat koe er foar in stunt soargje troch as earste Omgong fan Frankryk twa kear te winnen. Dy gedachte allinnich al joech Petit-Breton wjukken en yn de lêste etappe sloech er dêrom nochris ta. De Breton, dy't in moanne lang hiel Frankryk yn besnijing hâlden hie, belibbe op wei nei it Parc des Princes in wiere triomftocht. Mei in moaie oerwinning yn de alderlêste etappe wie er de earste dy't de omgong twa kear wûn.