Opmar Opmeer | |
---|---|
![]() Loftôbyld fan Opmeer en Spanbroek | |
flagge | wapen |
![]() |
![]() |
lokaasje | |
![]() | |
polityk | |
lân | ![]() |
provinsje | ![]() |
sifers en geografy | |
haadplak | Opmeer |
grutste plak | Opmeer |
ynwennertal | plak: 2,150 (1 jannewaris 2023)[1] gemeente: 12.180 (2023) |
befolkingstichtens | 293 ynw./km² (gemeente) |
oerflak | 41,94 km² (gemeente) |
● wêrfan lân | 41,50 km² (gemeente) |
● wêrfan wetter | 0,44 km² (gemeente) |
tal doarpen | 8 |
ferkearsieren | ![]() ![]() |
skiednis | |
oprjochte | 1817 |
oar | |
netnûmer | 0226, 0229 |
postkoade | 1660-1663, 1715-1719 |
tiidsône | UTC +1 |
simmertiid | UTC +2 |
webside | www.opmeer.nl |
Opmeer (Frysk: Opmar) [2] is in doarp en gemeente yn 'e krite West-Fryslân yn 'e Nederlânske provinsje Noard-Hollân. As gemeente bestiet Opmeer sûnt 1817. Yn 1959 anneksearre it de buorgemeente Spanbroek en yn 1979 de buorgemeente Heechwâld.
It gemeentehûs stiet yn it doarp Opmeer, dat ek it meast sintraalyn 'e gemeente leit en de gemeente syn namme joech. Opmeer wurdt al sûnt 1310 neamd en de plaknamme ferwiist nei in lokaasje boppe in mar. Oant it begjin fan 'e 20e iuw wie Opmeer noch in typysk boeredoarp. Sûnt 1960 sette de útwreiding yn mei nije wiken en tsjin 'e ein fan 'e 20e iuw wiene de plakken Opmeer en Spanbroek al oan inoar fêstgroeid. De doarpen hawwe yn 'e rin fan 'e tiid in soad fan harren eigenens ferlern.