oranje | ||
spektrale koördinaten | ||
weachlingte | 590-620 nm | |
frekwinsje | ~505-480 THz | |
kleurkoördinaten | ||
heksadesimaal | #FF7F00 | |
RGBª (r, g, b) | (255, 127, 0) | |
CMYKº (c, m, y, k) | (0, 50, 100, 0) | |
ª) normalisearre nei [0-255] (byte) º) normalisearre nei [0-100] (%) |
Oranje is in kleur dy't him yn it spektrum fan sichtber ljocht en yn 'e kleuresirkel tusken giel en read yn befynt. De kleur hat in weachlingte fan likernôch 590-620 nm en in frekwinsje fan rûchwei 505-480 THz. Oranje is sawol by additive kleurminging as subtraktive kleurminging in sekundêre kleur. It is de komplemintêre kleur fan ultramaryn. Kwa tinten rint oranje útinoar fan goud, dat ek as in soarte giel beskôge wurde kin, oant skarlekken, dat ek in foarm fan read is. 'Dûnkeroranje' wurdt frijwol nea sa neamd, mar stiet ynstee bekend as brún. Oranje is de nasjonale kleur fan Nederlân. It wurdt fierders assosjearre mei amusemint, waarmte, fjoer, enerzjy, gefaar, de hjerst en Halloween. It is ek de ynternasjonale kleur fan 'e kristen-demokrasy en (as saffraan) de hillige kleur fan it hindoeïsme, boedisme en sikhisme. Yn 'e heraldyk is oranje in moderne heraldyske kleur dy't troch lang net alle autoriteiten erkend wurdt.