Steat Oregon State of Oregon | |
---|---|
flagge | wapen |
![]() |
![]() |
Alis volat propiis (Latyn, "Hja fljocht op eigen wjukken") | |
lokaasje yn de Feriene Steaten | |
![]() | |
algemien | |
ôfkoarting | OR |
lân | ![]() |
status (jier) | steat (1859) |
haadstêd | Salem |
grutste stêd | Portland |
offisjele taal | gjint (de facto Ingelsk) |
sifers | |
ynwennertal | 4.013.845 (2015) |
befolkingstichtens | 15,7 / km² |
oerflak | 255.026 km² (2,4% wetter) |
bykommende ynformaasje | |
bynamme | de Beaver State |
tiidsône | UTC –8 (of –7) |
simmertiid | UTC –7 (of –6) |
webside | www.oregon.gov |
Oregon (útspr.: ['ɔrɨɡən], likernôch "or-ruh-g'n"), offisjeel de Steat Oregon (Ingelsk: State of Oregon), is ien fan 'e fyftich steaten dy't mei-inoar de Feriene Steaten fan Amearika foarmje. Oregon, byneamd de Beaver State (de "Beversteat"), leit yn it westen fan 'e legere 48 Amerikaanske steaten, oan 'e kust fan 'e Stille Oseaan, en heart ta de regio fan it Amerikaanske Noardwesten. De haadstêd is Salem, mar de grutste stêd is Portland. Neffens in skatting út 2015 hie de steat doe 4 miljoen ynwenners, wêrmei't it kwa befolkingsgrutte de 26e steat fan 'e Feriene Steaten is. Oangeande oerflak is Oregon mei goed 255.000 km² de 9e steat. Oregon stiet bekend om syn grutte lânskipsferskaat en om 'e stêd Portland mei syn sterke subkultueren.