Oregon Book Award | ||
algemiene ynformaasje | ||
nasjonaliteit | ![]() | |
útrikt foar | literatuer út Oregon | |
útrikt troch | Literary Arts, Inc. | |
frekwinsje | 1x jiers | |
plak | Portland (Oregon) | |
ynsteld | 1987 | |
offisjele webside | ||
www.literary-arts.org/awards |
De Oregon Book Awards binne in groep Amerikaanske regionale literatuerprizen yn 'e steat Oregon, dy't elts jier útrikt wurdt foar de as bêste beoardiele wurken op it mêd fan fiksje, literêre non-fiksje, poëzij, toaniel en jongereinliteratuer. De prizen waarden ynsteld yn 1987, troch de Oregon Institute for Literary Arts, de foargonger fan 'e hjoeddeistige organisator fan sawol de tawizing as de útrikking, Literary Arts, Inc., in non-profitorganisaasje út Oregon dy't himsels ta doel steld hat om it libben fan 'e Oregonezen te ferrykjen troch harren yn oanrekking te bringen mei taal en literatuer. De winners wurde útornearre op grûn fan literêre fertsjinsten, troch in sjuery wêrfan't alle leden fan bûten de steat ôfkomstich wêze moatte.