Oscar (Academy Award of Merit) | ||
algemiene ynformaasje | ||
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
útrikt foar | film | |
útrikt troch | Academy of Motion Picture Arts and Sciences | |
frekwinsje | 1x jiers | |
datum | febrewaris/maart | |
plak | Hollywood (Kalifornje) | |
ynsteld | 1929 | |
1e útrikking | 1929 | |
offisjele webside | ||
www.oscars.org |
De Oscars, offisjeel eins de Academy Awards (folút: de Academy Awards of Merit), binne in groep Amerikaanske prizen dy't jierliks yn in grut tal kategoryen útrikt wurde foar bysûndere prestaasjes op it mêd fan 'e film. It binne wrâlds bekendste en meast prestizjeuze filmprizen, en se korrespondearje yn 'e Feriene Steaten mei oare wichtige prizen op it mêd fan tillefyzje (de Emmys), toaniel (de Tonys) en muzyk (de Grammys). Op it terrein fan pornografyske films hawwe de AVN Awards in ferlykbere status.