Oskysk-Umbryske talen | ||
algemien | ||
oare namme(n) | Sabellyske talen | |
lokaasje | sintraal en súdwestlik Itaalje | |
tal talen | ±4 | |
tal sprekkers | 0 († 1e iuw f.Kr.) | |
taalbesibskip | ||
taalfamylje | ● Yndo-Jeropeesk ● Italysk ● Oskysk-Umbrysk | |
subgroepen | ● Oskyske talen † ● Piseenske talen † ● Umbryske talen † |
De Oskysk-Umbryske talen of Sabellyske talen foarmje in kloft talen fan 'e Italyske talen dy't yn 'e Klassike Aldheid sprutsen waarden yn 'e sintrale en súdwestlike parten fan it Italjaansk Skiereilân. Se foelen útinoar yn trije subgroepen: de Oskyske talen, de Piseenske talen en de Umbryske talen, en binne skriftlik oerlevere fan likernôch 700 f.Kr. ôf yn 'e ûnderskate Alditalyske skriften. De Oskysk-Umbryske talen strûpten der úteinlik ûnder troch de groeiende taalmacht fan it Latyn, de offisjele taal yn 'e Romeinske Republyk, dy't harren yn 'e earste iuw f.Kr. ta útstjerren ferkrong.