Otello

Otello
algemiene gegevens
oarspr. titel Othello
auteur William Shakespeare
taal Ingelsk
foarm toanielstik
sjenre trageedzje
skreaun ±1603
1e publikaasje 1622, Londen
oersetting nei it Frysk
Fryske titel Othello, de Moar fan Veneesje
publikaasje 1969, Drachten
útjouwer Fryske Shakespeare Stifting
oersetter Douwe Kalma

Otello, yn it oarspronklike Ingelsk: Othello, ek wol bekend as Otello, de Moar fan Feneesje (Othello, the Moor of Venice), en folút eins: The Tragedy of Othello, the Moor of Venice, is in toanielstik fan 'e hân fan 'e wiidferneamde Ingelske skriuwer en dichter William Shakespeare. It wurdt beskôge as ien fan syn fiif grutte trageedzjes, en is basearre op Un Capitano Moro ("In Moarske Kaptein"), in koart ferhaal fan 'e Italjaanske skriuwer Cintio, dat foar it earst publisearre waard yn 1565. Otello ferhellet fan 'e Moarske legeroerste mei deselde namme dy't yn 'e tsjinst stiet fan 'e republyk Feneesje. Yn it stik komme tema's as leafde, rasisme, oergeunstigens en ferrie oan 'e oarder, en it is noch altyd ien fan 'e meast opfierde fan Shakespeare syn toanielstikken. Nei alle gedachten is Otello skreaun yn 1603 of dêromtrint (de ierst oerlevere oanhelling datearret fan 1604), en it waard foar it earst útjûn yn 1622. De Fryske oersetting fan Douwe Kalma ferskynde yn 1969.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Nelliwinne