Paladin of Souls | ||
algemiene gegevens | ||
auteur | Lois McMaster Bujold | |
taal | Ingelsk | |
foarm | roman | |
sjenre | fantasy | |
1e publikaasje | 2003, New York | |
oarspr. útjwr. | Eos | |
prizen | Hugo Award 2003 Nebula Award 2004 Locus Award 2004 nom. Mythopoeic Award 2004 | |
rige | ||
rige | The World of the Five Gods | |
● foarich diel | The Curse of Chalion | |
● folgjend diel | The Hallowed Hunt | |
kodearring | ||
ISBN | 0 38 09 79 020 |
Paladin of Souls is in fantasy-roman fan 'e hân fan 'e súksesfolle en mannichfâld bekroande Amerikaanske skriuwster Lois McMaster Bujold. It makket ûnderdiel út fan The World of the Five Gods, ien fan Bujold har beide fantasysearjes, mar is in ôfrûne ferhaal, dat ek los dêrfan lêzen wurde kin. It rju priizge Paladin of Souls, dêr't Bujold sawol in Hugo, in Nebula as in Locus Award mei wûn, waard foar it earst útjûn yn 2003 en is ûnderwilens oerset yn trettjin talen.