keizer Palpatine personaazje út Star Wars | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
oare namme(n) | Sheev Palpatine Darth Sidious | |
sekse | manlik | |
soarte personaazje | minske | |
nasjonaliteit | Galaktysk | |
berop/amt | Sith, keizer | |
oare ynformaasje | ||
besibbe personaazjes |
Darth Vader Darth Maul greve Dooku Kylo Ren Rey Snoke | |
geastlike heit | George Lucas | |
ûntstean | 1976 |
Keizer Palpatine (Ingelske útspr.: [ˈpælpətiːn], likernôch: "pel-puh-tiin"), berne as Sheev Palpatine en gauris simpelwei oantsjut as de keizer, is in fiktyf personaazje út 'e Star Wars-franchise. Syn skûlnamme as Sith is Darth Sidious. Palpatine is de wichtichste antagonist yn Star Wars: Episode VI – Return of the Jedi, de lêste film fan 'e oarspronklike Star Wars-filmtrilogy (1977-1983), en teffens yn 'e Star Wars-prequeltrilogy (1999-2005) en yn Star Wars: Episode IX – The Rise of Skywalker, de lêste film fan 'e Star Wars-ferfolchtrilogy (2015-2019). Dêrby wurdt syn rol hieltyd fertolke troch de akteur Ian McDiarmid. Palpatine begjint as senator foar Naboo en klaut himsels omheech fia it amt fan kânselier nei it keizerskip fan it Galaktysk Keizerryk "lang ferlyn yn in stjerrestelsel fier, fier fuort". Hy is lykwols net samar in politikus mei ambysje, mei't er yn it geheim as Sith-master direkt of yndirekt ferantwurdlik is foar alle tsjinrampen dy't de haadpersoanen oerkomme. Palpatine waard yntrodusearre yn Star Wars: From the Adventures of Luke Skywalker, de ferboeking fan 'e earste Star Wars-film, dy't yn 1976 útkaam, in jier foàr de film.