In patrysjer (ek skreaun as patrisiër) is ien dy't ôfkomstich is út it laach of de famylje dat fan âldsher de bestjoerders levere foar in maatskippij. Sosjaal en kultureel sjoen binne dy geslachten alhiel identyk oan de eallju.
Eltse maatskippij hat patrysjers, yn it âlde Rome hienen sy it rjocht om sit te nimmen yn de Senaat. Yn Fryslân komt it begryp haadling út de midsiuwen gruttendiels oerien mei dat fan patrisiër.