Pearl Harbor | ||
geografy | ||
type wetter | lagune | |
lokaasje | súdkust fan Oähû, yn Hawaï | |
lân | ![]() | |
steat | ![]() | |
koördinaten | 21°36′79″N 157°97′71″W | |
ûnderdiel fan | Stille Oseaan |
Pearl Harbor (Ingelsk foar "Pearelhaven") is in lagune oan 'e súdlike kust fan it eilân Oähû, dat diel útmakket fan 'e Hawaï-eilannen, yn 'e midden fan 'e Stille Oseaan. De lagune funksjonearret as in natuerlike haven en leit direkt bewesten Honolulu, de haadstêd fan 'e Amerikaanske steat Hawaï. Middenyn 'e lagune leit it eilantsje Ford Island. Pearl Harbor kaam yn 1875 yn Amerikaanske hannen as in stielkoalbefoarriedings- en reparaasjestasjon foar Amerikaanske skippen troch in ferdrach tusken de Feriene Steaten en it Keninkryk Hawaï. Fan 1919 ôf wie it yn 'e foarm fan it Marinestasjon Pearl Harbor in basis fan 'e Amerikaanske Marine. Op 7 novimber 1941 fûn dêr de Oanfal op Pearl Harbor plak, wêrby't de Japanners in ferrassingsoanfal op 'e Amerikaanske Pasifyske Float útfierden, wat oanlieding joech ta it behelle reitsjen yn 'e Twadde Wrâldoarloch fan 'e Feriene Steaten.