De Peloponnezyske Oarloch (431 - 404 f.Kr.) wie de striid tusken de âlde stêdsteaten Atene en Sparta, de twa grutmachten fan it Grikelân fan earstiids en harren bûnsmaten.
It wie in lange en ôfmjittende oarloch (mei út en troch ûnderbrekkings) tusken de aristokratyske oligargyske lânmacht Sparta en de demokratyske skipfeartsnaasje Atene. Omdat gjin ien Gryksk stêdsteat yn de kriich neutraal en ôfsidich bliuwe koe, wurdt it konflikt ek wol de lytse "(Grykske) wrâldkriich" neamd. Nei ôfrin fan de oarloch kamen beide partijen sa bot ferswakke út de striid, dat gjinien fan beiden dêrnei syn eardere grutheid weromwinne koe.