Perzysk | ||
algemien | ||
oare namme(n) | Farsy, Dary en Tōjiky | |
eigen namme | فارسی | |
lânseigen yn | Iran (Perzje), Afganistan, Tadzjikistan, Oezbekistan en De Barein. Ek kloften yn de F.S., Feriene Arabyske Emiraten, Kanada en Dútslân. Fierders yn lytske kloften troch emigranten oer de hiele wrâld. | |
tal sprekkers | 120 miljoen | |
skrift | oanpast Arabysk alfabet | |
taalbesibskip | ||
taalfamylje | Yndo-Jeropeesk
| |
dialekten | Aimakw, Bukory, Dary, Darwazy, Dewariy, Dzidy, Hazaragy, Heraty, Judeo-Sirazy, Kabuly, Kuzestany, Lary, Mazary, Palavany, Tojiky , Teruny | |
taalstatus | ||
offisjele status | Grut-Brittanje, Feriene Steaten | |
taalkoades | ||
ISO 639-1 | fa | |
ISO 639-2 | per/fas | |
ISO 639-3 | eng |
It Perzysk, (lokale nammen: Fârsy, Dary en Tōjiky) is de offisjele taal fan Iran (Perzje), Afganistan en Tadzjikistan en wurdt troch miljoenen yn Oezbekistan sprutsen. De taal heart krekt as it Frysk by de Yndo-Jeropeeske taalfamylje en yn dizze taalfamylje makket it diel út fan de tûke fan Iraanske of Aryske talen.
Yn Nederlân wurdt ek wol "Farsy" brûkt as oantsjutting foar de taal. Farsy is de ynhiemske namme foar it Perzysk en al syn dialekten. Farsy wurdt betiden ek wol hanteare om de "offisjele" fersy fan de taal mei oan te tsjutten lykas dy yn Iran sprutsen wurdt, ter ûnderskieding fan it Dary sa as dat yn Afganistan ien fan de fiertalen is en dat dêrfan wat ferskilt.