Peter Mayhew

Peter Mayhew
akteur
Peter Mayhew yn 2015.
Peter Mayhew yn 2015.
persoanlike bysûnderheden
echte namme Peter William Mayhew
nasjonaliteit Britsk
Amerikaansk
berne 19 maaie 1944
berteplak Barnes (Ingelân)
stoarn 30 april 2019
stjerplak Boyd (Teksas)
etnisiteit Ingelsk
jierren aktyf 19762019
offisjele webside
Peter Mayhew op Twitter

Peter Mayhew (folút: Peter William Mayhew; Barnes (Ingelân), 19 maaie 1944Boyd (Teksas), 30 april 2019) wie in Britsk-Amerikaansk akteur. Hy waard bekend troch syn fertolking fan 'e rol fan it personaazje fan 'e Wookiee Chewbacca yn 'e Star Wars-filmsearje. Hy spile dy rol yn alle live-actionoptredens fan 'e oarspronklike film Star Wars, út 1977, oant en mei Star Wars: Episode VII – The Force Awakens, út 2015.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Nelliwinne