Petrus van Oeckelen (Breda, 15 augustus 1792 - Glimmen, 13 augustus 1878), wie in Nederlânske oargelbouwer.
Om 1808 hinne waard er beneamd as stedsbeierdier fan Breda. Yn 1810 ferhuze er nei Grins dêr't er beneaamd wie as beiardier fan de Martinitoer. Yn 1837 festige er him as oargelbouwer yn Harendermolen, ûnder Glimmen. Dat jier naam er it bedriuw fan de ferstoarne oargelbouwer Johannes Wilhelmus Timpe oer.
Letter giene twa fan syn soannen, Cornelis Aldegundis en Antonius, mei it bedriuw fan har heit fierder.