Philip Bliss | ||
skriuwer | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Philip Paul Bliss | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 9 july 1838 | |
berteplak | Clearfield County (Pennsylvania) | |
stoarn | 29 desimber 1876 | |
stjerplak | Ashtabula (Ohio) | |
etnisiteit | Angelsaksysk Amerikaansk | |
wurk | ||
taal | Ingelsk | |
sjenre | hymnen | |
perioade | midden 19e iuw | |
bekendste wurk(en) |
Let the Lower Lights Be Burning Hallelujah, What a Saviour! Hold the Fort I Will Sing of My Redeemer | |
jierren aktyf | 1869 – 1876 | |
offisjele webside | ||
www.ppbmuseum.org |
Philip Bliss (folút: Philip Paul Bliss; Clearfield County (Pennsylvania), 9 july 1838 – Ashtabula (Ohio), 29 desimber 1876) wie in Amerikaansk skriuwer fan hymnen, komponist, dirigint en bas-bariton-gospelsjonger. Under de bekendste gesangen dy't er skreau, binne Let the Lower Lights Be Burning, Hallelujah, What a Saviour!, Hold the Fort en I Will Sing of My Redeemer. De lêste pear jier fan syn libben wurke Bliss as evangelist. Hy kaam om doe't er 38 jier wie by de Treinramp fan Ashtabula fan 1876.