Piramide fan Austerlitz

Piramide fan Austerlitz 2008
Piramide fan Austerlitz 1805

De Piramide fan Austerlitz is in troch napoleontyske soldaten boude piramide op ien fan de heechste punten fan de Utertske Heuvelrêch by Austerlitz. Op dit sintrale plak yn Nederlân hie de Frânske generaal Auguste de Marmont yn 1804 in legerkamp opslein dêr't hy ferskate bataljons yn in pear moanne tiid omsmeide ta in grut, goedtraind leger, dat de Britske fijân ferslaan kinne soe by in mooglike werhelling fan de ynfal fan 1799. Tefreden oer de militêre krêft fan it nije leger, liet hy de soldaten yn de hjerst fan 1804 in duorsum monumint bouwe, in piramideheuvel fan sân en ierde. It monumint wie ynspirearre op de piramide fan Gizeh, dy't De Marmont mei eigen eagen sjoen hie by de Egyptyske fjildtocht fan Napoleon. Sels it troch eroazje bleatleine trepfoarmige oerflak waard neimakke. De bou duorre 27 dagen. De piramideheuvel krige in hichte fan 36 meter, en op de top waard in 13 meter hege houten obelisk setten. Yn 1805 sette De Marmont mei syn leger ôf nei Dútslân, en focht mei yn de Koalysjeoarloch dy't útrûn op de Slach by Austerlitz (it hjoeddeiske Slavkov u Brna), de slach wêryn Napoleon de Russen en Eastenrikers ferneatigjend fersloech. De namme Marmontberg waard koart dêrnei, troch de nije kening Loadewyk Napoleon, feroare yn Piramide fan Austerlitz.

De houten obelisk begûn al gau skean te sakjen en waard yn 1808 ôfbrutsen. Yn 1894 liet J.B. de Beaufort, dy't eigener fan de piramide wie én boargemaster fan Woudenberg, de gemeente dêr't it grûngebiet fan de piramide ûnder falt, de hjoeddeiske stiennen obelisk op de piramide bouwe. Dy is ek skean stean gien.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Nelliwinne