Piter Jelles Troelstra (20 april 1860, Ljouwert - 12 maaie 1930, De Haach) is bekend wurden as sosjalistysk politikus dy't yn 1918, yn neifolging fan de Russyske revolúsje, yn Nederlân de sosjalistyske revolúsje útrôp. Dêrnjonken hat Troelstra yn Fryslân as Piter Jelles namme makke as dichter en skriuwer.