Playboy (libbenswize)

Hugh Hefner, oprjochter fan it neakenblêd Playboy en sels in stereotype playboy, hjir yn 2007 mei de twilling Karissa (l.) en Kristina Shannon (rj.) en it Oekraynske model Dasja Astafjeva (m.).

In playboy (útspr.: ['ple:boi̭], likernôch: "plee-boi") is in rike man dy't rom yn 'e frije tiid sit en dy't as bon vivant genietet fan it goede libben. Yn 't bysûnder siket er it selskip fan (en seksuële omgong mei) in ôfwikseling fan kreaze froulju. Fierders giet der net folle fan him út en kin er omskreaun wurde as in liddichgonger. 'Playboy' wurdt sadwaande ek wol brûkt as in synonym foar 'rokkejeier'. De oantsjutting kaam yn syn moderne betsjutting geandewei de earste helte fan 'e tweintichste iuw yn 'e Feriene Steaten yn gebrûk, en fersprate him yn 'e twadde helte fan dy iuw út it Amerikaansk-Ingelsk nei de measte oare talen fan 'e Westerske wrâld.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Nelliwinne