It Polabysk is in útstoarne Westslavyske taal dy't yn it noardeasten fan it moderne Dútslân tusken de Elbe en de Oder sprutsen waard. Yn it suden, sa likernôch op 'e line Wittenberg-Berlyn grinze it Polabyske taalgebiet oan it Sorbyske taalgebiet.
De lêste sprekster fan it Polabysk, Emerentz Schultze, stoar yn 1756 op in leeftyd fan 88 jier yn Dolgow.[1] Troch de Dútske eastkolonisaasje waard it Leechdútsk de taal fan de streek. Om 1700 hinne kaam der in bytsje omtinken foar de taal. Gottfried Wilhelm Leibniz publisearre yn syn Collectanea Etymologica (1717) in wurdlist en tekst yn it Polabysk. De omfangrykste tekstsamling is de Vocabularium Venedicum (1705) fan dûmny Christian Hennig von Jessen.