Proto-Germaansk

Proto-Germaansk
algemien
oare namme(n) Oergermaansk (foutyf)
taalgebiet Noardwest- en Midden-Jeropa
en Skandinaavje
taalbesibskip
taalfamylje Yndo-Jeropeesk
  ● Germaansk
    ● Proto-Germaansk
skaaimerken
tiidrek 2de milennium f.Kr.-1e iuw (n.Kr.)
ûntstien út Proto-Yndo-Jeropeesk
ûntjûn ta Eastgermaansk
Oernoardsk
Westgermaansk

It Proto-Germaansk is de taal dêr't alle Germaanske talen (en útslutend de Germaanske talen) op weromgeane. Der binne gjin skriftlike boarnen oerlevere fan dizze oarspronklike Germaanske taal, mar op grûn fan yndirekt bewiismateriaal (d.w.s. troch de hjoeddeistige Germaanske talen en Germaanske lienwurden yn net-Germaanske talen lykas it Finsk mei-inoar te ferlykjen) hawwe taalkundigen it Proto-Germaansk dochs rekonstruëarje kinnen. Neffens moderne ynsichten kin dizze Germaanske grûntaal opdield wurde yn twa stadia: it Oergermaansk, dat yn in langere iere perioade sprutsen waard, en it Miengermaansk, dat sprutsen waard yn in koarter letter tiidrek, foar't it Proto-Germaansk útinoarfoel yn 'e ôfsûnderlike taalkloften. Faak wurdt der lykwols, fral yn stikken dy't skreaun binne troch net-saakkundigen, terminologysk gjin ûnderskie makke tusken Proto-, Oer- en Miengermaansk, en wurdt inkeld sprutsen fan Oergermaansk.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Nelliwinne