Proto-Yndo-Jeropeesk | ||
algemien | ||
oare namme(n) | Proto-Yndogermaansk | |
taalgebiet | de Koeban en de Kaspyske Leechflakte | |
skrift | gjint | |
taalbesibskip | ||
taalfamylje | ● Yndo-Jeropeesk ● Proto-Yndo-Jeropeesk | |
skaaimerken | ||
tiidrek | ? – ±3.500 f.Kr. | |
ûntstien út | ? | |
ûntjûn ta | ● Proto-Anatoalysk ● Proto-Armeensk ● Proto-Balto-Slavysk ● Proto-Germaansk ● Proto-Gryksk ● Proto-Illyrysk ● Proto-Yndo-Iraansk ● Proto-Italysk ● Proto-Keltysk ● Proto-Tochaarsk ● Proto-Trasysk |
It Proto-Yndo-Jeropeesk is de oertaal dêr't alle Yndo-Jeropeeske talen (en inkeld de Yndo-Jeropeeske talen) op weromgeane. Foarhinne waard dizze taal ek wol Proto-Yndogermaansk neamd, mar yn 'e tweintichste iuw is dy term besmodge rekke doe't de nazys dermei oan 'e haal giene foar harren rasse-ideology. Der binne gjin skriftlike boarnen oerlevere fan dizze Yndo-Jeropeeske oertaal, mar op grûn fan yndirekt bewiismateriaal (d.w.s. troch de hjoeddeistige Yndo-Jeropeeske talen mei-inoar te ferlykjen) hawwe taalkundigen it Proto-Yndo-Jeropeesk dochs rekonstruëarje kinnen.