N910 | |
---|---|
Langte: | 12,7 km |
Kaart | |
De provinsjale wei 910 (N910) is in provinsjale wei yn Fryslân yn de gemeenten Noardeast-Fryslân en Achtkarspelen. De dyk foarmet in ferbining tusken de N355 benoardeasten Gerkeskleaster en de N361 by Dokkum. De dyk ûntstie yn de rin fan de 20e iuw troch opwurdearring fan besteande weidielen. De dyk wurdt fanâlds Trekwei neamd.
De dyk begjint yn de gemeente Achtkarspelen benoardeasten Gerkeskleaster. Fan dat krúspunt ôf mei de N355, ek wol bekend as De Lêste Stoer, om't it it lêste plak wie dêr't in stoer foar de pont betelle wurde moast op it paad fan Grins nei Ljouwert, rint de trekwei de gemeente Noardeast-Fryslân yn. De trekwei rint oer Lytsewâld, Kollum en Westergeast, by Driezum del nei it westen nei Dokkum ta. De trekwei rint gâns de rûte by de Strobosser Trekfeart del.