N358 | |
---|---|
Langte: | 38,3 km |
Kaart | |
De provinsjale wei 358 of N358 is in provinsjale wei yn de provinsje Fryslân, dy't yn 'e rin fan 'e 20e iuw ûntstie troch de opwurdearring fan âldere weidielen. De dyk rint fan Fryske Peallen oer Bûtenpost nei Holwert, dêr't de dyk oanslút by de N356. De dyk slút by Fryske Peallen oan op de A7 nei Grins en Hearrefean, ûnder Bûtenpost wurdt de N355 krúst.
Yn de gemeenten Smellingerlân en Opsterlân hjit de dyk De Skieding, yn Achtkarspelen De Skieding, Uterwei, Bruggelaan en Lauwersmeerweg en yn de gemeente Noardeast-Fryslân hjit de dyk ek Lauwersmeerweg, Sylsterwei, Mounebuorren, Dodingawei, Humaldawei, Dongerawei en Holwerderweg.