Qui-Gon Jinn personaazje út Star Wars | ||
![]() | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
sekse | manlik | |
soarte personaazje | minske | |
nasjonaliteit | ![]() | |
berop/amt | Jedi-ridder | |
oare ynformaasje | ||
besibbe personaazjes |
Obi-Wan Kenobi Anakin Skywalker Jar Jar Binks Darth Maul Yoda Padmé Amidala | |
geastlike heit | George Lucas | |
ûntstean | 1999 |
Qui-Gon Jinn (útspr.: [ˈkʷai̭ɡɒn ˈʤɪn], likernôch: "kwai-gan dzjin") is in fiktyf personaazje út 'e Star Wars-franchise fan 'e Amerikaanske filmmakker George Lucas. Hy is in Jedi-master dy't yntrodusearre waard yn 'e film Star Wars: Episode I – The Phantom Menace (1999), oan 'e ein wêrfan't er omkomt yn in gefjocht mei de Sith Darth Maul. Postúm komt er as geast yn de Krêft noch eefkes foar yn 'e ferfolchfilm Star Wars: Episode II – Attack of the Clones (2002), de tekenfilmsearje Star Wars: The Clone Wars (2010) en de film Star Wars: Episode IX – The Rise of Skywalker (2019). Alle kearen waard er spile troch de Noardierske akteur Liam Neeson.