R2-D2 personaazje út Star Wars | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
oare namme(n) | Artoo-Detoo | |
sekse | gjint | |
soarte personaazje | robot | |
nasjonaliteit | Galaktysk | |
berop/amt | astromeganisiên | |
oare ynformaasje | ||
besibbe personaazjes |
C-3PO Luke Skywalker Anakin Skywalker prinsesse Leia | |
geastlike heit | George Lucas | |
ûntstean | 1976 |
R2-D2 (Ingelske útspr.: [ˌɑɹtuːˈdiːtuː], likernôch: "aar-tûû-dii-tûû"), soms stavere as Artoo-Detoo, is in ferneamd fiktyf personaazje út 'e Star Wars-franchise, dat mids 1970-er jierren betocht waard troch de Amerikaanske filmmakker George Lucas. It is in silinderfoarmige robot op tsjiltsjes, hoewol't alle robots yn Star Wars oantsjut wurde as androïden. R2-D2 makke it alderearst syn opwachting yn Star Wars: From the Adventures of Luke Skywalker, de ferboeking fan 'e earste Star Wars-film, dy't yn 1976 útkaam, in jier foàr de film. Hy is lykwols it bekendst út 'e oarspronklike Star Wars-filmtrilogy (1977-1983), wêryn't er spile waard troch Kenny Baker. Yn 'e Star Wars-prequeltrilogy (1999-2005) wie de rol fan Baker beheind om't R2-D2 dêryn foar in grut part werjûn waard troch radiografysk bestjoerde rekwisiten en special effects. Yn 'e Star Wars-ferfolchtrilogy (2015-2019) naam Jimmy Vee de rol oer, mar yn 'e trêde film, Star Wars: Episode IX – The Rise of Skywalker, wie R2-D2 folslein it wurk fan poppespilers. R2-D2 is yn 'e films gauris te sjen yn it selskip fan in oare robot, C-3PO. It duo soarget foar de komyske noat.