Rangoon | ||
![]() | ||
Súd Rangoon | ||
Bestjoer | ||
Lân | Myanmar | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 4 348 000 (2010) | |
Oerflak | 598,75 km² | |
Befolkingsticht. | 7261,8 / km² | |
Hichte | 15 m | |
Oar | ||
Stifting | 6e iuw | |
Tiidsône | (UTC+6.30) | |
Offisjele webside | ||
www.yangoncity.com.mm |
Rangoon (Birmaansk: Yangon) is de grutste stêd fan Myanmar (Birma) en oant 7 novimber 2005 de haadstêd fan Myanmar. De stêd hie yn 1983 2.458.712 ynwenners. Yn 2005 waard it ynwennertal rûsd op 4.082.000. De stêd leit oan de rivier Rangoon, net fier fan de kust fan de Golf fan Martaban. Wichtige hannelsprodukten binne: rys, teakhout, ierdoalje, katoen en metaalertsen. De yndustry fan de stêd bestiet út rysmûnen, seachmoles, oaljeraffinaderijen, en stiel-, izer- en koperranerijen.