Reade lynks

reade lynks
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse sûchdieren (Mammalia)
skift rôfdieren (Carnivora)
famylje kateftigen (Felidae)
skaai lynksen (Lynx)
soarte
Lynx rufus
Schreber, 1777
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

De reade lynks (wittenskiplike namme: Lynx rufus), ek wol bekend ûnder de Ingelske namme bobcat, is in sûchdier út it skift fan 'e rôfdieren (Carnivora), de famylje fan 'e kateftigen (Felidae) en it skaai fan 'e lynksen (Lynx), dat lânseigen is yn it grutste part fan 'e Feriene Steaten en Meksiko en yn dielen fan súdlik Kanada. It is in skou en selsrêdich rôfdier dat him lykwols relatyf maklik oanpast oan feroarjende omstannichheden en mei dêrom yn in grut ferskaat oan biotopen foarkomt. De reade lynks ûntjoech him likernôch 1,8 miljoen jier lyn en omfiemet trettjin erkende ûndersoarten. Dit bist dielt it noardlike part fan syn ferspriedingsgebiet mei de nau besibbe Kanadeeske lynks (Lynx canadensis). Reade lynksen spylje in rol yn sawol de mytology fan 'e lânseigen Yndiaanske folken fan Noard-Amearika as de folkloare fan 'e blanke kolonisten.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Nelliwinne