Redbad | ||
aadlik persoan en/of hearsker | ||
In foarstelling fan Redbad troch P. Winsemius, út 'e Chronique ofte Historische Geschiedenisse van Frieslandt (17e iuw). | ||
nasjonaliteit | Frysk | |
bertedatum | ? | |
stjerdatum | 719 | |
etnisiteit | Frysk | |
religy | heidensk | |
Kening fan de Friezen | ||
regear | 679 – 719 | |
foargonger | Aldgillis | |
opfolger | Poppo? |
Redbad (yn it tiidrek 679-719 oan it bewâld) wie in Fryske kening. Under syn regear berikte it Fryske Ryk syn grutste útwreiding. Der binne net in soad skriftlike boarnen oerlevere oer Redbad sadat der yn de rin fan de skiednis plak wie foar ryk ferskaat oan leginden. Redbad stried by syn libben foar it yn stân hâlden fan it heidendom en tsjin de kerstening fan de misjonarissen dy't ferbûn wie mei de ekspânsje fan it Frankyske Ryk.