In revolver is in healautomatysk fûstfjoerwapen mei draaiend magazyn.
In skaaimerk fan de revolver is de silinder mei in tal keamers (faak 6) dêr't de patroanen yn sitte. By in pistoal sitte de kûgels yn in aparte hâlder dy't yn de kolf skood wurdt. In revolver is nei elts skot klear om wer te sjitten. By in saneamde single-action-útfiering moat de hoanne nei it sjitten wer spant wurde; by in double-action-revolver giet dat automatysk by it oerheljen fan de trekker.