Steat fan de Rhode Island State of Rhode Island | |
---|---|
flagge | wapen |
![]() |
![]() |
Hope (Ingelsk, "Hoop") | |
lokaasje yn de Feriene Steaten | |
![]() | |
algemien | |
ôfkoarting | RI |
lân | ![]() |
status (jier) | steat (1790) |
haadstêd | Providence |
grutste stêd | Providence |
offisjele taal | Ingelsk (de facto) |
sifers | |
ynwennertal | 1.055.173 (2014) |
befolkingstichtens | 388 / km² |
oerflak | 3.140 km² (13,9% wetter) |
bykommende ynformaasje | |
bynamme | de Ocean State |
tiidsône | UTC –5 |
simmertiid | UTC –4 |
webside | www.ri.gov |
Rhode Island (Ingelsk: Rhode Island; útspr.: [ɹoʊd a:i̭lənd], likernôch "rood aailund"), offisjeel de Steat Rhode Island (Ingelsk: State of Rhode Island), is ien fan 'e fyftich steaten dy't mei-inoar de Feriene Steaten fan Amearika foarmje. Rhode Island, byneamd de Ocean State, leit yn it noardeastlike part fan it lân, oan 'e kust fan 'e Atlantyske Oseaan, en heart ta de regio Nij-Ingelân. De haadstêd is Providence, dat ek de grutste stêd is. Neffens in skatting út 2014 hie de steat doe krapoan 1,1 miljoen ynwenners, wêrmei't it kwa befolkingsgrutte de 43e steat fan 'e Feriene Steaten is. Oangeande oerflak is Rhode Island mei 3.140 km² de 50e en lytste steat.