Ringwei

Boulevard Périphérique om Parys hinne

In ringwei, ek wol bypass neamd, is in dyk, dy't as in ring om in bepaald gebiet hinne rint. Ringwegen soargje foar fluggere trochstream fan it ferkear en ûntsluting fan de gebieten dy't se omslute.

De begripen rûnwei of rânewei betsjutte net alhiel itselde as in ringwei. Wol gauris wurdt it begryp "ringwei" dêrfoar ûnterjochte brûkt. It giet om in rûte dy't by de bûtenrâne fan in stêd of doarp del rint. In rûnwei hoecht in stêd of doarp ek net altyd alhiel te omsluten, want se tsjinje ynearsten om it ferkear bûten de kearn te hâlden. In oar wurd foar rûnwei is tangint.

Yn Fryslân hawwe de stêden Ljouwert en Snits in ringwei. Ek de rûnwei fan Frjentsjer kin as in ringwei beskôge wurde.

Bûten Fryslân binne bekende ringwegen, dy fan Amsterdam, Grins, Brussel, Parys, Berlyn, Londen en Washington D.C.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Nelliwinne