Robert fan Bruce | ||
aadlik persoan en/of hearsker | ||
nasjonaliteit | Skotsk | |
bertedatum | july 1243 | |
berteplak | wierskynlik Writtle (Ingelân) | |
stjerdatum | koart foàr 4 maart 1304 | |
stjerplak | Abdij fan Holm Cultram (Ingelân) | |
dynasty | Hûs Bruce | |
etnisiteit | Normandysk Skotsk Iersk | |
hear fan Annandale | ||
amtsperioade | 1292 – 1304 | |
foargonger | Robert V | |
opfolger | Robert VII | |
greve fan Carrick | ||
amtsperioade | 1272 – 1292 | |
foargonger | Marjorie | |
opfolger | Robert VII | |
kastelein fan it Kastiel fan Carlisle | ||
amtsperioade | 1295 – 1304 | |
foargonger | Robert V |
Robert fan Bruce, 6e hear fan Annandale, troch syn houlik greve fan Carrick (Ingelsk: Robert Bruce, Normandysk-Frânsk: Robert de Brus; wierskynlik yn Writtle (Ingelân), july 1243 – Abdij fan Holm Cultram (Ingelân), koart foàr 4 maart 1304), wie in Skotsk ealman fan Normandysk (en foar in diel Iersk) komôf. Hy besiet lân yn sawol Skotlân as Ingelân, en wie sadwaande by politike ûntwikkelings yn beide keninkriken belutsen. Hy wie de heit fan 'e Robert fan Bruce dy't yn 1306 kening fan Skotlân waard.