In romtefear of romtefleantúch is in werbrûkber romtefartúch dat behalven yn it fakuum fan 'e romte ek út 'e fuotten kin yn 'e atmosfear fan 'e Ierde, en dat lânje kin sa't in fleanmasine dat docht. Om dat foarinoar te krijen, moatte romtefearen eleminten fan sawol romtefartugen as fleanmasinen hawwe. Sa'n ferfiermiddel wurdt ek wol in spaceshuttle neamd, hoewol't de spaceshuttle eins in spesifyk (Amerikaansk) type romtefear is. Orbitale romtefearen, dy't persoanen en materieel ferfiere fan 'e Ierde nei in baan om 'e Ierde en wer werom, sjogge der oer it generaal mear út as romtefartugen, wylst suborbitale romtefearen, dy't de romte oantippe, mar net heech genôch geane om in baan om 'e Ierde te berikken, yn 'e regel mear op fleantugen lykje. By romtefearen fan dat lêste type kin men sadwaande ek sprekke fan in romtefleantúch of romtefleanmasine.