Rubber is in polymear dat foarkomt as in emulsje yn it sap fan in oantal plantesoarten (dit sap is bekend as lateks), lykas Brazyljaanske rubberbeam, Yndyske rubberbeam (Ficus elastica), Euphorbia's (Manihot glaziovii), hynsteblom ûnder oare Taraxacum kok-saghyz, Parthenium argentatum, Funtumia elastica, Landolphia spp. en Cryptostegia spp.. De namme komt fan it Ingelsktalige tiidwurd foar wriuwe (to rub).
Natuerlik rubber wurdt trochgeans produsearre út lateks, wûn út de Brazyljaanske rubberbeam. Sa'n 33% fan dit sop bestiet út rubber. De lateks wurdt dêrnei filtere en fertinne mei wetter. It resultaat hjirfan wurdt mei soer behannele om de rubberdieltsjes stjurje te litten. It resultaat hjirfan, ek rubber neamd, wurdt ta tinne plakken rôle en drûge.
Foar it syntetysk produsearjen fan rubber is polymerisaasje fereaske, in proses dat ek brûkt wurdt yn de produksje fan plastics. Foarbylden fan syntetyske rubbers binne gloaropreen rubbers, butadieen rubbers en butyl rubbers.