Rudolf Steiner

Rudolf Steiner (27 febrewaris 1861 - 30 maart 1925) wie in Eastenrykske filosoof, literêr wittenskipper, arsjitekt en ûnderwizer dy't benammen bekend wurden is as grûnlizzer fan de antroposofy en har praktyske tapassingen, ûnder oare de Frije Skoalle en de Biodynamyske agrikultuer.

Rudolf Steiner

Steiner wie fan betinken dat skiednis ûntstiet troch feroarings, dy't har foarme hawwe troch in trochsettende ûntwikkeling fan it minsklike bewust wêze. De aktiviteit fan it yndividuele tinken seach er as in relatyf sjoen resinte ûntwikkeling mei fierstrekkende gefolgen as de Renessânse en de Yndustriële Revolúsje. Hy seach it ryk fan de spirituelen, tsjinoer it ryk fan de fysika yn de aktiviteit fan it minsklik tinken. Steiner karakterisearre syn systeem fan antroposofy mei de folgjende wurden:

"Antroposofy is in paad ta ynsjoch dy't it geastlike yn de minsk mei it geastlike yn de wrâld ferbine wol. Hja makket har yn de minsk kenber as in behoefte fan it hert en fan it gefoel. Hja moat har rjochtfeardiging fine yn it fermogen dizze behoeften te befredigjen. Allinnich dyjinge dy't yn de antroposofy fynt dêr't hy fan syn gemoed út nei sykje moat, kin har wearde erkenne. Dêrom kinne antroposofen allinnich minsken wêze dy't bepaalde fragen oer it wêzen fan de minsk en wrâld krektsa eksistensjeel erfare as sy honger en toarst erfare." Rudolf Steiner, Kearngedachten fan de antroposofy (1924, oersetting 2009)

From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Nelliwinne