Rupert Bruce-Mitford

Rupert Leo Scott Bruce-Mitford (Streatham (Londen), 14 juny 1914 - 3 oktober Oxford, 1994) wie in Britsk archeolooch dy't bekend waard fan syn ûndersyk nei, en publikaasjes oer, it skipsgrêf fan Sutton Hoo.[1]

Bruce-Mitford wurke fan 1938 ôf oan foar it Britsk Museum, Londen, by it Department of British and Mediaeval Antiquities, en doe't de skat fan Sutton Hoo oan de steat kaam yn 1942, krige hy de lieding oer it ûndersyk fan de fynsten. Der hat er sa'n 40 jier mei dwaande west wylst er ferbûn wie oan it Britsk Museum. Hy waard ek foarsitter fan de Society of Antiquaries of London.
Utsein in peroade yn de Twadde Wrâldoarloch doe't er militêr wie, hat er sûnder ûnderbrekking by it Britsk Museum wurke oant 1977, as konservator (twa kear) en ûndersiker.

Hy makke teffens in Ingelske oersetting fan in boek fan de Deenske archeolooch P.V. Glob, The Bog People (1965).

Bruce-Mitfort boaske trijeris en krige trije bern by syn earste wiif Kathleen Dent.

  1. Rupert Bruce-Mitford

From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Nelliwinne