Salem | ||
It Kapitool fan Oregon yn Salem | ||
Bestjoer | ||
Lân | Feriene Steaten | |
Steat | Oregon | |
County | Marion County, Polk County | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 154.637 (2010) | |
Oerflak | 120,1 km² | |
Befolkingsticht. | 1.246,5 / km² | |
Hichte | 46,7 m | |
Oar | ||
Stifting | 1842 | |
Tiidsône | PST (UTC−8) | |
Simmertiid | PDT (UTC−7) | |
Offisjele webside | ||
Offisjele webside Salem |
Salem is de haadstêd fan de Amerikaanske steat Oregon en haadplak fan Marion County. De namme is ôflaat fan it Hebriuwske sjalom, dat 'frede' betsjut.
Yn 1851 waard Salem haadstêd fan Oregon. Yn 1855 wie Korvallis in skoftke haadstêd, mar noch itselde jier waard Salem foar fêst oanwiisd as haadstêd.
It plak leit yn it middenpart fan de tige fruchtbere Willamettedelling; de rivier de Willamette rint troch de stêd. De rivier foarmet de grins tusken de countys Marion en Polk sadat de wyk West Salem yn Polk County leit. De bynamme fan de stêd is 'kjersestêd', fanwege it belang fan kerseferbou yn de omkriten en it jierlikse kersefestival dat dêr holden wurdt. It earste festival wie yn 1903.
Salem hat twa universiteiten, de Willamette Universiteit en de Corban Universiteit. De steat Oregon is de grutste wurkjouwer yn de stêd en it sikehûs fan Salem is de grutste partikuliere wurkjouwer.