Samuel Colt | ||
![]() | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
nasjonaliteit | ![]() | |
berne | 19 july 1814 | |
berteplak | Hartford (Konnetikut) | |
stoarn | 10 jannewaris 1862 | |
stjerplak | Hartford (Konnetikut) | |
etnisiteit | ![]() | |
wurkpaad | ||
berop/amt | wapensmid, ûndernimmer, yndustrieel | |
aktyf as | útfiner | |
jierren aktyf | 1835 – 1862 | |
reden bekendheid |
útfiner fan 'e moderne revolver en oprjochter fan Colt's Manufacturing Company |
Samuel Colt (Hartford (Konnetikut), 19 july 1814 – dêre, 10 jannewaris 1862) wie in Amerikaansk útfiner, wapensmid, ûndernimmer en yndustrieel fan Skotsk komôf. Hy wie de oprjochter fan Colt's Patent Fire-Arms Manufacturing Company, no bekend as Colt's Manufacturing Company. Dêrmei makke er de massaproduksje fan 'e revolver kommersjeel libbensfetber. De troch Colt produsearre revolvers spilen in wichtige rol yn 'e Meksikaansk-Amerikaanske Oarloch, de Amerikaanske Boargeroarloch en de Amerikaanske oarloggen tsjin 'e Yndianen. Fral de namme fan 'e Colt .45 rekke ûnferbreklik ferbûn mei de ferovering en konsolidaasje fan it Wylde Westen. Ien fan 'e wichtichste ferkeappunten fan dat wapen wie, dat net ien mear ûnder hoegde te dwaan foar in oar, want de revolver makke lichaamlike kondysje en fysike krêft yrrelevant. Sadwaande wie it sizzen yn dy tiid: "God hat de minsken skepen, mar Sam Colt hat se gelyk makke." By syn ferstjerren, yn 1862, wie Colt ien fan 'e rykste lju yn 'e Feriene Steaten.