San Jose | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Feriene Steaten | |
Steat | Kalifornje | |
County | Santa Clara County | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 984.299 (2013) | |
Oerflak | 466,1 km² (ynkl. wetter) 457,2 km² (allinnich lân) | |
Befolkingsticht. | 2.029,4 / km² | |
Stêdekloft | 1.975.342 (2013) | |
Hichte | 26 m | |
Oar | ||
Stifting | 1777 | |
Tiidsône | UTC -8 | |
Simmertiid | UTC -7 | |
Koördinaten | 37°20′10″N 121°53′26″W | |
Offisjele webside | ||
www.sanjoseca.gov | ||
Kaart | ||
De lizzing fan San Jose yn Santa Clara County en yn 'e steat Kalifornje. |
San Jose, ek wol stavere as San José (útspr.: /'sæn hou'zei/), is in stêd yn 'e Amerikaanske steat Kalifornje, yn 'e regio Noardlik Kalifornje. It is it haadplak fan it omlizzende Santa Clara County. Neffens in offisjele skatting út 2013, troch it Kalifornyske Ministearje fan Finânsjes, hat San Jose krapoan 985.000 ynwenners. Dêrmei is it de trêde stêd fan Kalifornje (nei Los Angeles en San Diego) en is it feitliks grutter as it deunby leine en folle bekendere San Francisco, dat rûchwei 150.000 ynwenners minder hat. San Jose is de op njoggen nei grutste stêd yn 'e Feriene Steaten, en de grutste yn Silicon Valley. Mei alle foarstêden derby komt it ynwennertal fan 'e stêdekloft om San Jose hinne op hast 2 miljoen minsken út, wylst it as ûnderdiel fan 'e Baaikrite, mei de deroan fêstgroeide stêden San Francisco en Oakland, op 8,4 miljoen útkomt. Allinnich New York, Los Angeles, Chicago en Washington, D.C.-Baltimore binne grutter as dat.