In satire is in literêr sjenre wêryn't op faak humoristyske wize troch spotternij maatskippijkrityk levere wurdt. As foarm fan poëzij wurdt satire ek oantsjut as in hikkeldicht of stikeldicht. De krityk dy't yn sokke satires besletten sit, kin de foarm oannimme fan parody, irony, sarkasme, synisme of karikatuer. Doelwiten fan satire binne faak persoanen (yn 't bysûnder politisy), mar ek tradysjes, godstsjinst, media, noarmen en wearden en trends wurde wol op dizze wize op 'e hak nommen. It doel is dêrby om dwaasheden, tekoartkommings, misbrûk en korrupsje oan 'e kaak te stellen sadat de dieders troch skamte oanset wurde ta ferbettering. Yn diktatueren waarden (en wurde) satirisy fanwegen harren krityk gauris ferfolge troch de oerheid.