Baron Schelte van Heemstra (Grins, 14 novimber 1807 - Martensdyk, 20 desimber 1864 ) wie in Frysk politikus. Hy wie in soan fan Willem Hendrik fan Heemstra (1797-1826) en Johanna Balthazarina fan Idsinga (-1850).
Van Heemstra studearre Romeinsk en hjoeddeisk rjocht yn Frjentsjer (1824) en Grins (1828-1830), dêr't er yn 1830 promovearre op it proefskrift "Specimen juridicum inaugurale, exhibens nonnulla de alimentis praestandis."
Yn 1830 waard hy grytman fan Doanjewerstâl en letter fan East-Dongeradiel (1839-1849). Wie lid fan de Steaten en de Twadde Keamer (1844). Schelte van Heemstra steunde Thorbecke (wie yn 1844 ien fan de Njoggenmannen), minister fan de Herfoarme Earetsjinst (1848-1849) en wie Kommissaris fan de Keninginne fan Utert (1850) en fan Seelân (1858). Nei 1848 hinge er hieltyd mear de konservative kant oer. 1862 waard hy minister fan Steat.