Seepoddestoel

seepoddestoel
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme netteldieren (Cnidaria)
klasse skiifkwabben (Scyphozoa)
skift blomkoalkwabeftigen (Rhizostomeae)
famylje blomkoalkwabben (Rhizostomatidae)
skaai echte blomkoalkwabben (Rhizostoma)
soarte
Rhizostoma pulmo
Macri, 1778
IUCN-status: net beoardiele

De seepoddestoel of blomkoalkwab (wittenskiplike namme: Rhizostoma pulmo) is in netteldier út 'e klasse fan 'e skiifkwabben (Scyphozoa), it skift fan 'e blomkoalkwabeftigen (Rhizostomeae), de famylje fan 'e blomkoalkwabben (Rhizostomatidae) en it skaai fan 'e echte blomkoalkwabben (Rhizostoma). Dizze soarte komt benammen foar yn it noardeastlike part fan 'e Atlantyske Oseaan, en spielt ek geregeldwei oan op 'e Fryske Waadeilannen. It is in kwab sûnder netteltentakels, dy't foar de minske ûngefaarlik is. Syn namme tanket er oan syn likenis mei in poddestoel.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Nelliwinne