Shakespeare in Love | ||
film | ||
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy) | ||
makkers | ||
regisseur | John Madden | |
produsint | David Parfitt Donna Gigliotti Harvey Weinstein Edward Zwick Marc Norman | |
senario | Marc Norman Tom Stoppard | |
muzyk | Stephen Warbeck | |
filmstudio | Universal Pictures | |
distribúsje | Miramax Films | |
spilers | ||
haadrollen | Joseph Fiennes Gwyneth Paltrow | |
byrollen | Geoffrey Rush Colin Firth Ben Affleck Judi Dench | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | Feriene Keninkryk Feriene Steaten | |
premiêre | 3 desimber 1998 (FS) 29 jannewaris 1999 (FK) | |
foarm | langspylfilm | |
sjenre | romantyske komeedzje | |
taal | Ingelsk | |
spyltiid | 123 minuten | |
budget en resultaten | ||
budget | $25 miljoen | |
opbringst | $289.317.794 | |
prizen | 7× Oscar 3× BAFTA 3× Golden Globe |
Shakespeare in Love is in Britsk-Amerikaanske film út 1998 ûnder rezjy fan John Madden, en mei yn 'e haadrollen Joseph Fiennes en Gwyneth Paltrow. It kin sjoen wurde as in romantyske komeedzje, mar likegoed kin it as in tragikomeedzje opfetten wurde. It ferhaal, dat skreaun waard troch Marc Norman en Tom Stoppard, giet oer de elizabetaanske toanielskriuwer William Shakespeare, dy't behelle rekket yn in ferbeane leafdesaffêre wylst er syn trageedzje Romeo en Julia oan it skriuwen is. De foarfallen út 'e film binne folslein fiktyf, al binne de rollen fan Shakespeare sels en ferskate oare personaazjes basearre op histoaryske figueren. Dêropta ferwize in protte rollen, teksten en ûntwikkelings yn 'e plot nei Shakepeare syn toanielstikken. Shakespeare in Love, dat oerset wurde kinne soe as "Shakespeare Fereale", wûn in grut tal prizen, wêrûnder trije BAFTA's (de wichtichste Britske filmpriis) en sân Oscars, û.o. foar de bêste film, bêste aktrise (Gwyneth Paltrow) en bêste byrol fan in aktrise (Judi Dench).