Shakira, folút Shakira Isabel Mebarak Ripoll (Barranquilla, Kolombia, 2 febrewaris 1977), is in Kolombiaanske sjongster. Oan it begjin fan har karriêre song se yn it Spaansk en hie se har earste suksessen yn Latynsk-Amearika en Spanje. Har earste Ingelsktalige album Laundry Service makke fan har yn 2002 in wrâldferneamde popstjer.