Short Sunderland | |
---|---|
Rol | Ferkenningsfleantúch, bommesmiter |
Makker | Bruorren Short |
Untwerper | Arthur Gouge |
Earste flecht | 16 oktober 1937 |
Yn tsjinst | 1938 |
Ut tsjinst | RAF: 1959, RNZAF: 1967 |
Tal makke | 777 (1938-1946) |
Brûkers | Royal Air Force, Frânske Marine, RAAF, RNZAF |
Farianten | Short Sandringham, Short Seaford |
De Short Sunderland (ferneamd nei it noardeastIngelske plak Sunderland) wie in Britske fleanboat boud troch Short Brothers. De Short Sunderland wie in fuortsette ûntjouwing foar militêr gebrûk fan de Short S.23 Empire fleanboat. It wie ien fan de sterkste en meastbrûkte fleanboaten yn de Twadde Wrâldoarloch, mei de Consolidated PBY Catalina, mar it tastel wie stadich en loch. It prototype fleach yn oktober 1937.[1]